Alde fynst wurdt monumint

GORINCHEM – Moarn (tongersdei) sil de gemeente Gorinchem in archeologyske fynst út om 1405 hinne ûntbleate yn it stedssintrum. De fynst, in kolom fan in pylder fan 'e Hof fan Arkel, is restaurearre en sil as in monumint efter in nij warehûs pleatst wurde.

Om 1405 hinne wie it Hof van Arkel de aadlike residinsje fan 'e ferneamdste hearen fan Arkel: Jan van ArkelDe kolom waard yn 'e simmer fan 2002 ûntdutsen by archeologyske opgravings op it bouplak fan it nije warehûs. De fûne kolombasis is autentyk. It monumint is impregnearre om grutte temperatuerfluktuaasjes te wjerstean. Op it bouplak fûnen archeologen ek de fermoedelike oerbliuwsels fan 'e saneamde Stedsskoalle, dy't om 1400 hinne boud wêze moat.

10 desimber 2003
De Telegraaf

Gjin kommentaar mear mooglik.